Thússide
Foaropwurd
Skreaun troch Sjoerd Groenhof   
Friday, 06 July 2007

Wêrom dizze webside, trije redenen.

 1 - Ik miste in boarne dêr't gâns feiten en bysûnderheden byinoar te finen binne op it mêd fan de emansipaasje fan de Friezen en it Frysk troch de tiid hinne. En dan benammen oangeande de politike kanten fan dy striid. 

 2 - Myn argewaasje fan it foarnimmen fan guon politisy om Fryslân op te heffen.

 3 - Ik wol ynformaasje jaan oer de stân fan saken oer de striid foar it sichtber meitsjen fan de erkenning fan ús eigen iepen Fryske folks-nasjonaliteit. Foaral as it giet om it opnimmen fan it begryp 'Fries' yn de administraasje fan oerheden en it brûken fan dat haadwurd yn offisjele oerheidsdokuminten, lykas in paspoart. 

 

Dizze webside wurdt opdroegen oan alle foaroanmannen dy’t har de lêste ieuwen sa tige ynspand hawwe foar de Fryske saak yn hokfoar foarm dan ek. Boppedat kin dizze webside in boarne fan ynspiraasje wêze foar eltsenien dy’t niget hat oan de striid foar it fersterkjen fan de Fryske eigenheid of dy't op hokfoar wize dan ek, 'Wiis mei Fryslân is'.

Fries-wêze doarre

As erflitters fan ien fan de âldste folken út de noardlike Europeeske kontreien achtsje ik it in ûnrjocht dat it nasjonaliteitsbegryp ‘Fries’ noch altiten net in plakje krije kin op in identiteitsbewiis of yn de gemeentlike basisadministraasje. Sûnt 2005 binne de Friezen formeel erkend as nasjonale minderheid. In soad Friezen wolle neist harren formele Nederlânske steatboargerskip de Fryske nasjonaliteit hawwe om't it wat seit oer har identiteit. Ik tink dat wy as Friezen it rjocht hawwe moatte om yndividueel foar ússels te beslissen oft wy as Nederlânske Steatsboargers ús iepen folks nasjonaliteit mei it wurd ‘Fries’ oanjaan wolle. Bygelyks yn de gemeentlike basisadministraasje. Dat soe dochs mooglik wêze moatte? Sûnt de formele erkenning haw ik winliken in dûbelde nasjonaliteit.

Mar myn pas seit dat ik as Nederlânsk Steatsboarger allinnich de Nederlânske nasjonaliteit haw. Mar ik haw gjin papieren dy't oantoane dat ik no ek werklik in Fries bin. Der moat in offisjeel dokumint komme dêr't ynstiet dat ik de Fryske nasjonaliteit haw. Miskien in oanpaste pas. Of ien derby, echt in skaaimerk fan in dûbelde nasjonaliteit. In goed ding foar it Frysk bewustwêzen. Want foar in grutte groep minsken is dy Fryske identiteit net konkreet, net taastber genôch. In posityf Frysk bewustwêzen hat ek in posityf effekt op ús Fryske taal. 

As wy dy nasjonale erkenning net yn offisjele dokuminten útdrage meie, dan wurde wy diskriminearre en dêrtroch emosjoneel tekoart dien. Nasjonaliteit is in gefoelskwestje. De earste grûn ta it Fryskwêzen wurdt ommers lein yn it bernehert: op memme skerte en heite knibbels. In offisjeel papier soe in oantrún wêze kinne, in befêstiging dat it mear te betsjutten hat as it allinnich mar praten fan in âlde taal. Juridyske beswieren meie der net wêze: Nederlân erkent dochs no ek al mear as ien nasjonaliteit?

Yn syn oarsprong komt it wurd ‘nasjonaliteit ’ fan it Latynske ´natio´ en betsjut ´berte´ (´nascor´ = berne wurde, ôfstamje, ûntstean, groeie). In ‘natio’ of ‘naasje’ is djip woartele yn de kultuer en skiednis fan in folk en befettet de wêzentlike eleminten - bygelyks ús hâlden en dragen en ús taal - fan de identiteit dêrfan. Nederlân keppelet it begryp ‘nasjonaliteit’ neffens my ûnrjochtlik oan de steat (‘steatsnasjonalisme’). Soks tsjûget nèt fan respekt foar it bestean fan in iepen folk mei in eigen taal, kultuer en folksidentiteit, dus foar alle Friezen en it Frysk. Steatsboargerskip en nasjonaliteit binne twa ferskillende begripen. Hearre dat alteast te wêzen. Nasjonaliteit seit wat oer in folk (kultuer) en steatboargerskip seit wat oer it lân (polityk) dêr't hja wenje.

Ik beskôgje de Fryske kultuermienskip en Fryslân as myn 'natio' en wol my as sadanich ek legitimearje kinne. De folsleine ferklearring mei arguminten, myn striid om de Fryske identiteit taastber en konkreet te meitsjen, kinne jo fine yn it dossier ‘nasjonaliteit’. Dat der al folle langer striden wurdt foar de Fryske eigenheid, kinne jo fine yn de oare dossiers. Taalbewegers binne yn de echte betsjutting fan it wurd 'natio' ek ‘identiteitsbewegers’.

It fuortsterkje fan it selsbewustwêzen fan de Friezen is histoarysk en moreel ek te rjochtfeardigjen om't de âldste spoaren fan de Fryske populaasje yn de lege lannen mear as 2000 jier âld binne. Dat makket dat de Friezen fan hjoed de dei hearre ta ien fan de âldste folken yn Europa. Dat kin, as men sjocht nei de tanimmende mobiliteit yn ús maatskippij, al in lyts wûnder hjitte.

As jo lykas ik fan betinken binne dat it sichtber meitsjen fan de erkenning fan ús Fryske nasjonaliteit ek yn offisjele identifikaasjedokuminten en yn it GBA (Gemeentlike BasisAdministraasje) in karmooglikheid wêze moat, dan kinne jo hjir de loyaliteitspetysje ûnderskriuwe. Sa helpe jo mei om yn de takomst ús Fryske identiteit ek formeel te registrearjen. Sjoch ek op de petysjelist fan minsken dy't jo al foargongen binne.

Lit my einigje mei de wiere wurden fan de dichter en skriuwer Obe Postma: Ik bin fan it Fryske lân in bern, gjin lid dat ek betankje kin. Dat is net oars.

Mei rju achtinge,

Sjoerd Groenhof 

Eamel: This e-mail address is being protected from spam bots, you need JavaScript enabled to view it

Image

 

Enkête

Wa bin hjir?

© 2010 Grutsk op Fryslân