Thússide arrow Dossier Nasjonaliteit

Elts woartel syn eigen parasol

Ofstân dwaan fan de Nederlânske Nasjonaliteit. Dat docht men net samar. Guon sille grif tinke: wêr bisto yn ’e goedichheid mei dwaande.

Eefkes in stapke tebek. Ik bin fan betinken dat de wrâld boeiend, fassinearjend en gelokkich faak ek moai is. En dat ‘aardige’ fan dy wrâld hat yn foarste plak te krijen mei it feit dat der safolle fariaasje is en dat der in soad kultueren en ‘identiteiten’ binne. Yn Europa en sels allinnich al yn de Benelux binne der ferskate kultueren. En soe it net in ramp wêze as al dy identiteiten ferdwine moasten en wy allegearre kloanen wêze soene yn in globalisearre ienheidskultuer?

Ien fan dy fassinearjende kultueren is fansels ús eigen Fryske kultuer mei syn romroft ferline. Ik soe net graach wolle dat dy wei waard. Der moat net ien grutte ienheidswoarst ûntstean. Ik hâld fan kulturele fariaasje. Sadwaande heart by dat ferskaat ús eigen kultuer mei syn tradysje, taal, skiednis, folksaard, dus ús eigen folksidentiteit. Koartsein, de Fryske eigenheid.

It soe dochs mooglik wêze moatte om hjoeddeis troch dialooch en oerlis al dy ferskillende identiteiten yn Nederlân, de Benelux en Europa in goed en eigen plak te jaan. Ik stribje nei harmony, ek yn Europa: der is ommers ek noch genôch ellinde yn de wrâld. 

Wêrom in Fryske Nasjonaliteit.

Hoewol de Fryske nasjonaliteit oant 'e mei de midsieuwen (Fryske Frijheid) gewoan wie, krige Doekele Brouwer yn 1951 fan ' e Kroan in formele erkenning foar syn Fryskwêzen. Hy joech by it ynskriuwen fan in firma yn it Hannelsregister (Keamer fan Keaphannel) op dat er de Fryske Nasjonaliteit hie en Nederlânsk Steatsboarger wie. De kantonrjochter te Ljouwert koe it dêrmei lykfine.

Mear as in heale ieu letter, op 1 juny 2005, wurdt it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden yn Europa troch Nederlân ratifisearre, wêrby’t de Friezen yn Nederlân as nasjonale minderheid (en dus yn harren nasjonaliteit) erkend wurde.

Tsja, as de Nederlânske Steat al A seit, dan soenen de Friezen fansels ek B sizze moatte.

Yn maart 2006 waard ik by de gemeenteferkiezings yn Achtkarspelen keazen as folksfertsjintwurdiger foar de FNP. As nijkommende riedslied moast ik myn hantekening sette op in formulier foar de Gemeentlike Basisadministraasje (GBA) dêr’t op stie dat ik de Nederlânske Nasjonaliteit hie. Dat woe ik allinnich dwaan as der stean soe dat ik Nederlânsk Steatsboarger wie mei de Fryske Nasjonaliteit. Mei seis arguminten haw ik dat ferdigene. Us gemeente hat it foarlein oan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG). Dy woe dêr ek net oan meiwurkje.

Op 23 april 2007 haw ik tsjinoer boargemaster Lyklema fan de gemeente Achtkarspelen de formele prosedure "Verklaring van afstand" ôflein en dêrby haw ik formeel as wol moreel ôfstân dien myn Nederlânske Nasjonaliteit en in formele as wol morele kar makke foar de Fryske Nasjonaliteit.

Sjoerd Groenhof

Sjoch ûnder foar mear ferdjipping

Datum Titel Skriuwer
Wednesday, 29 October 2008 Brief programmapunt Europeeske ferkiezing Sjoerd Groenhof
Thursday, 26 June 2008 Fersyk fermelding nasjonaliteit Fries op paspoart Sjoerd Groenhof
Sunday, 30 September 2007 Op nei De Haag Trouw.nl
Monday, 20 August 2007 Beslissing op myn beswierskrift Boargemaster Van der Zwan
Wednesday, 18 July 2007 Andert proforma-beswier oan gemeente Achtkarspelen Sjoerd Groenhof
Tuesday, 03 July 2007 Proforma beswierskrift reaksje Gemeente Boargemaster Van der Zwan
Thursday, 28 June 2007 Proforma beswierskrif reaksje De Haag K.S.L. Chong
Thursday, 31 May 2007 Pro forma beswier op andert brief Lyklema ôfwizing nasjonaliteit Sjoerd Groenhof
Tuesday, 24 April 2007 Antwurd gemeente Achtkarspelen Boargemaster Lyklema
Monday, 23 April 2007 Ferklearring fan ôfstân Sjoerd Groenhof
Monday, 29 November 1999 Uitspraak kantonrechter Jurisprudentie 1951 zaak Doekele Brouwer 1951 Doekele Brouwer
© 2010 Grutsk op Fryslân