10 jier FryslânProvinsjenamme, van 'Friesland' nei 'Fryslân'.Op 7 desimber 1966 tsjinne it FNP-steatelid Jan Bearn Singelsma yn de gearkomste fan de Fryske Steaten in útstel yn om de provinsjenamme 'Friesland' te feroarjen yn ‘Fryslân’. De geasten wiene blykber noch net ryp, want syn útstel helle it net.
Fjouwer jier letter, op 10 desimber 1970, tsjinne Singelsma op 'en nij in útstel yn foar it feroarjen fan de provinsjenamme. It kolleezje fan Deputearre Steaten woe der net oan meiwurkje.
Njoggentsjin jier letter, op 17 april 1985, tsjinnen de CDA'ers Deinum, Brandenburg-Sytsma in moasje yn foar it feroarjen fan de provinsjenamme ‘Friesland’ yn ‘Fryslân’. De geasten wiene einlings ryp, der wie in breed draachflak en it útstel helle it. De provinsjewet moast earst noch wol feroare wurde om dy namme te sanksjonearjen.
Wer tsien jier letter, op 15 maart 1995 - de provinsjewet wie yn 1994 oanpast mei help fan CDA-steatssekretaris frou Dieuwke de Graaf-Nauta - tsjinne de FNP-fraksje in moasje yn foar útfiering fan de moasje fan 1985. Dat útstel helle it ek.
Op 1 jannewaris 1997, wy binne dan 30 jier nei’t Jan Bearn Singelsma de stien yn 't wetter smiet, wurdt ‘Fryslân’ de offisjele provinsjenamme en wurdt ‘Friesland’ offisjeus. In wichtige bydrage ta de emansipaasje fan de Friezen en it Frysk.
2007: ‘Friesland’ is al wer tsien jier ‘Fryslân’, goed fjirtich jier nei it krewearjen fan Singelsma. Moatte wy dat ûngemurken foarby gean litte? Wurdt it net tiid foar in lytse betinking en in evaluaasje? It liket my nijsgjirrich ta om nei te gean wa’t doe tsjin de offisjele nammewiksel wiene en oft dy lju - as se noch libje - no ek noch tsjin wêze soene. Der hawwe by ús gjin Belgyske en Joegoslavyske tastannen west en ús ekonomy hat der ek net fan te lijen hân lykas guon ûnheilsprofeten ús doe leauwe litte woene. Is it net krekt oarsom? Wa nimt de foarstap? Sjoch ûnder foar de ferdjipping. |
|
|
|
|
|