|
Fryslân en de striid om mear autonomy De Fryske mienskip is net samar út de loft fallen kommen. Dêr lizze (histoaryske) learprosessen oan te grûnslach dy’t it kollektive rjochtbewustwêzen ta identiteit fan de Fryske mienskip sines binne. It giet hjir om godtsjinst-tsiere, de ferwurking fan de yndustriele revolúsje, de ferpaupering en de striid om frijheid fan ûnderwiis. Symboalen streekje de learerfaringen, sa as in eigen Frysk folksliet, in eigen Fryske flach de Fryske eedôflizzen en de praat mar Frysk kampanjes. Fiergeande autonomy en desintralisaasje fan foech binne dan ek fan bûtenwenstich grut belang foar it behâlden en fierder ûntwikkeljen foar ús Fryske taal, kultuer en eigenheid, ús kollektive rjochtbewustwêzen. Al hiel lang wurdt dêr yn Fryslân foar striden. Krekt nei de Twadde Wrâldoarloch wurdt der yn 1949 troch de Kommissaris fan de Keninginne in desintralisaasjekommisje ynsteld om de posysje fan Fryslân yn Nederlân te fersterkjen fanwegen it eigen Fryske karakter. Oant no ta is der net folle berikt. It liket der op dat de Haachske politike elite en de liniearre provinsjale partijen it net woenen, want der is net folle dien mei it rapport fan de desintralisaasjekommisje. Noch altiten is der net folle mear as ‘passive tolerânsje’ fan de Fryske taal en kultuer troch it Nederlânsk regear en noch altiten is der in tekoart oan respekt foar de iennichste eigen, offisjeel erkende minderheid. Jit jimmeroan wurde de Friezen op in ôfstân holden en wurde se ôfskreaun mei wurden lykas: “Wat je niet wilt weten, daar zul je niet om vragen. En wat je niet vraagt, zul je niet te weten komen.” Hast eltse folksnasjonale, etnyske minderheid, ek de Fryske, fiteret de oerheid oan om better nei te tinken oer it fraachstik fan it hawwen fan (noch) in oar folk binnen de eigen lânsgrinzen en dêrneffens te hanneljen. Eins is it frjemd en nuver dat nei 60 jier fan Fryske striid oer mear foech, der allinnich noch mar praat wurdt oer mear autonomy. Wa en wat wie der mandélich oan dat der net mear autonomy foar Fryslân komme koe? Neffens my moat der in provinsjaal parlemintariër enkête komme oer de fraach wêrom’t der sa’n bytsje telâne kommen is fan bygelyks de útstellen út it rapport fan de desintralisaasjekommisje fan 1949 en alle lettere ynspannings om ta mear selsbestjoer foar Fryslân te kommen. Sjoch ûnder foar mear ferdjipping |