Aktivisme bliuwt nedich foar de "Friese kwestie" (dit dossier is ûnder konstruksje)Yn in sintralistysk bestel kinne wetten tsjin it gewisse yngean en ûnrjochtmjittich wêze. Aktivisme bliuwt nedich as men konfrontearre wurdt troch in oerheid dy’t syn ôfspraken en/of syn morele ferplichtings net nei komt. De skiednis fan suksesfolle bewegings wiist út dat de striid foar it behâld fan taal en eigenheid begûn is troch lytse, berette ploechjes lju, dy't net wieken foar it strukturele geweld fan in oerheid. Kneppelfreed wie 16 novimber 1951, doe't der op it Saailân yn Ljouwert in opskuor plakfûn. Mei alles dat deromhinne foarfallen is, hat dy dei in net ûnbelangrike rol spile yn 'e striid foar de emansipaasje fan 'e Fryske taal en der úteinlik ta laat dat it Frysk yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status krige. Yn de sântiger jierren kaam de anonyme aksjerûnte FOKA (Fryske Organisaasje foar Kulturele Autonomy) foar it ljocht. En oan de ein fan tachtiger en begjin njoggentiger jierren de demonstrearende FRA ,mei as foaroanmannen sjoernalist/histoarikus Kerst Huisman en FNP-er Jan A. van der Baan. In oare aksjegroep wie Warns 2000, dy't oan de ein fan njoggentiger jierren aktyf wie. Dizze groep rjochte him benammen op ynstânsjes lykas de PTT en de NS dy't yn har eagen opstruksje pleegden oangeande it Frysk taalbelied. It binne Fryske Bewegings en/of aksjegroepen dy't fine dat nei Kneppelfreed it allegearre fierstende stadich en te hoeden giet mei it stribjen nei in fêster plak foar it Frysk en de Fryske kultuer. Foar in ferdjipping fan dizze aksjegroepen sjoch ûnder. |