Fryslân moat ta op folsleine eigen topografyske endonymen en ôf fan Hollânske, dominearjende en opleine eksonymen. Fryske en eigen regionale plaknammen binne in wichtich en ûnmisber part fan ús lânskip, taal, kultuer en ekonomy. It ekonomyske belang fan it Frysk moat yn it sosjale en ekonomysk libben tige tanimme. Undersyk smyt op dat it 'Frysk eigene' goed wêze kin foar de ekonomy fanwegens in soarte fan 'splendid isolation'-effekt. De Fryske ekonomy is in foarbyld fan in streekekonomy mei in eigen identiteit en dat kin fersterke wurde troch it brûken fan eigen topografyske plaknammen. Yn de fyftiger jierren hat it ryksregear besletten om mar ien topografyske namme rjochtsjildichheid te jaan. By de ynfiering fan de automatisearre Gemeentlike Basis Administraasje (GBA) binne allinnich ientalige rjochtsjildige plaknammen mooglik. Wylst dûbeltalige plaknammebuorden al sûnt 'e fyftiger jierren troch hast alle Fryske gemeenten brûkt wurde, is it yn 1983 it wetlik mooglik makke gemeenten it foech te jaan om de plaknammen offisjeel werom yn it Frysk fêst te lizzen. Dat proses wurdt gauris ûnrjochtlik ‘ferfryskjen’ neamd. Op it mêd fan 'e plaknammen hat it Frysk lytse foarderings makke. Fan 1989 ôf hawwe 7 fan 'e 31 gemeenten de Fryske plaknammen offisjeel yn de Gemeentelike Basis Administraasje fêstlein. Soks hie fan gefolgen dat de opleine Hollânske toponymen (lês: eksonymen) harren offisjeel plak yn de GBA ôfstean moasten oan de eigen Fryske toponymen. Lykas bekend hawwe de gemeenten Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel de foarstap naam om yngeande 1-1-1989 de plaknammen werom yn it Frysk fêst te lizzen. De gemeenten Littenseradiel en Ferwerderadiel hawwe dy stap letter folge. Yn 2007 hat de gemeente Dantumadiel besletten ta it ynfieren fan Frysktalige toponymen yn de GBA op 1 jannewaris 2009. Op 13 maart 2008 hat de Ried fan Ljouwerteradiel ynstimd mei it ferfangen fan de lêste trije Hollânsktalige plaknammen yn de GBA. Op 20 maaie 2008 hat de Ried fan Wymbritseradiel as sânde gemeente besletten om yngeande 01-01-2009 de Fryske plaknammen yn de Gemeentlike Basis Administraasje te brûken. Litte wy rillegau de hollânske eksonymen yn Fryslân as in histoarysk fersin fan de kom-buorden en út it GBA ferdwine litte. Sjoch ûnder foar kennis en feiten. |