|
|
|
Skreaun troch Sjoerd Groenhof
|
|
Monday, 23 April 2007 |
Ik, Sjoerd Groenhof berne op 10-07-1963 te Ljouwert as Fries yn Fryslân, út Fryske âlders en op Fryske grûn, wêrfan it neiteam fier werom giet. Ynwenner fan de gemeente Achtkarspelen en wenjend op de Harkema. Hjirby doch ik as Fries - tsjinoer de Boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen, dhr Lyklema - formeel 'de verklaring van afstand van de Nederlandse Nationaliteit' dit as Nederlânsk Steatsboarger.
Dit op basis fan ûndersteande argumintaasjes en erkende juridyske rjochtheidsbegjinselen.
Fries erkend as Nasjonaliteit
Sjoerd Groenhof is berne as Fries, út Fryske âlders en op Fryske grûn wêrfan it neiteam fier werom giet. De Friezen ien fan de âldste folk is fan W-Europa en de Fryske taal erkend is as Ryksstaal. Utspraak Kroon/Rjochter! “Fries” is een nationaliteit.
In de opgaaf voor het handelsregister van de Firma Doekele Brouwer te Sint Jacobi Parochie stond achter de vraag omtrent nationaliteit: ‘Friesch’ (Ned. Staatsburger). De Kamer van Koophandel verzocht om doorhaling van ‘Friesch’ en vervanging door “Nederlandse”.
Doekele Brouwer verklaarde echter, dat hij van Friese nationaliteit was: “Ik ben geschapen als Fries, geboren uit Friese ouders en op Friese grond”.
De Kroon (rechtshof): Doekele is Nederlands staatsburger en van Nederlandse nationaliteit”.
Het verzoek van de Kamer van Koophandel is desondanks afgewezen. Doekele had namelijk verklaard: “Ik ben lid ener Gereformeerde kerk en weet mij als Christen gehouden tot gehoorzaamheid aan de overheid, doch daarop is bij mij één uitzondering mogelijk, namelijk dat ik God méér heb te gehoorzamen dan mensen”.Een dergelijke uitzondering achtte hij hier aanwezig en hij zei gewetensbezwaar te hebben tegen de medewerking aan de verandering der opgave, aangezien God hem als Fries had geschapen. Dit gewetensbezwaar werd door de Kroon erkend. Jurisprudentie: Kantongerecht Leeuwarden, 16 januari 1951, kenmerk; N.J. 1951, 191. Friezen Nasjonale Minderheid 1 juny 2005.
It Ramtferdrach Nasjonale Minderheden is in ferdrach dat op 1 febrewaris 1995 troch de leden fan de Ried fan Europa sletten waard. Nederlân hat it ferdrach ek op dy datum ûndertekene. Pas op 30 novimber 2004 waard it útstel ek oannommen troch de Earste Keamer. Op 16 febrewaris is it ramtferdrach troch Nederlân úteinlik ratisifisearre en is fan 1 juny 2005 fan krêft wurden. Dêrtroch binne de Friezen no yn Nederlân en Europa erkend as echte nasjonale minderheid. It ferdrach hat betsjutting foar de (minske) rjochten lykas it frij brûken fan jins eigen taal, kultuer en identiteit. It wurd ‘nasjonaal’ yn it ferdrach fan Nasjonale minderheid fan de Friezen wol sizze dat se der foar alle Friezen binnen, en dat Friezen dêrby as ‘natio’, as folk sjoen wurde.
It doel fan it Ramtferdrach is it beskermjen fan de rjochten fan nasjonale minderheden en har juridyske erkenning binnen de ferskate lannen. It Ramtferdrach wol de folsleine en effektive gelikensens fan nasjonale minderheden fuortsterkje troch betingsten op te stellen dy’t it har mooglik meitsje har kultuer te beskermjen en te ûntwikkeljen en har identiteit te behâlden. De Steat der Nederlannen ferplichtet him hjirmei om te wurkjen oan it behâld, it earbiedigje mar ek passende betingsten skept foar fierdere ûntwikkeling om de Fryske eigenheid as nasjonale minderheid, sa as yn de kaderferdrach oanjûn wurd, út te drukken.
Op basis fan it goedkarren fan it kaderferdrach erkenne hja no dat der op niisneamde grûnen sprake is fan in Fryske nasjonaliteit. Binnen de Nederlânske Steat binne der no twa erkende nasjonaliteiten. Wy Friezen hawwe as Nederlânsk Steatsboarger de Fryske nasjonaliteit. Dizze ûntjouwing is sûnder twifel wichtich foar Fryslân en in soad Friezen is wit hoe wiis mei dizze erkenning. Universele Ferklearring fan de rjochten fan de minske
Op basis fan artikel 15 en 17 fan de Universele Ferklearring fan de rjochten fan de minske, it Europeesk kaderferdrach fan 1994 ynsake de beskerming van nasjonale minderheden en Europeesk hof foar de rjochten fan de minske. Art. 15. Ieder mens heeft recht op zijn eigen nationaliteit. Niemand mag willekeurig worden beroofd van zijn nationaliteit, noch van het recht van nationaliteit te veranderen
Art. 17. Ieder persoon, hetzij alleenstaand of tot een collectiviteit behorend, heeft recht op eigendom. Niemand mag op willekeurige wijze uit zijn eigendom ontzet worden. De bescherming van nationale minderheden.
De Raad van Europa nam in 1995 het Kaderverdrag inzake de bescherming van nationale minderheden aan. De verdragsluitende partijen verplichten zich de doelstellingen van het Verdrag na te streven door middel van wetgeving en beleid op nationaal niveau. Hierbij moet gedacht worden aan gelijkheid voor de wet, behoud en ontwikkeling van culturen, bescherming van identiteit, godsdienst, minderheidstalen en tradities. Europese staten die zich willen committeren aan de bescherming van streektalen of talen van minderheden kunnen het desbetreffende Europees Handvest uit 1992 ondertekenen. Europese Verdrag voor de Rechten van de Mens (EVRM) Verdrag is ten behoeve van de internationale handhaving voor het Europese Hof voor de Rechten van de Mens ingesteld. Staten en individuele burgers kunnen, ongeacht hun nationaliteit, een klacht indienen bij het Hof in Straatsburg indien zij van mening zijn dat verdragsluitende staten de in het Verdrag vastgelegde rechten hebben geschonden.
Beswier fan gewisse (gewetensbezwaar)
Ik berop my op beswier fan gewisse, om my earne yn te skriuwen en te úterjen mei in oare nasjonaliteit dan de Fryske.
Konkreet myn eask: Ifm boppesteande wol ik yn de gemeentlike basisadministraasje (GBA) registrearre stean mei as Nasjonaliteit 'Fries', dit as Nederlânsk Steatsboarger.
Achte hear Lyklema, boargemaster tige tank foar jo reewilligens.
Lit my einigje mei de wiere wurden fan de dichter en skriuwer Obe Postma. Ik bin fan it Fryske lân in bern, gjin lid, dat ek betankje kin. Dat is net oars.
Taljochting, As Nasjonaliteit Fries bin ik Nederlânsk steatsboarger, mei de rjochten en plichten dy’t dêrby hearre.
Mei rju achtinge,
Sjoerd Groenhof De Harkema, Fryslân
|
|