Thússide Parsenijs Steun voor missie Friese Nationaliteit
|
|
Steun voor missie Friese Nationaliteit |
|
|
|
|
Skreaun troch Renze Valk
|
|
Monday, 21 May 2007 |
|
"Groenhof optein mei de morele stipe yn de striid foar lykberjochting en lykweardigens"
Tekst: webside De Ried fan de Fryske Beweging
Steun voor missie Friese Nationaliteit
Okkerdeis hat Sjoerd Groenhof fan De Harkema de kwestje fan de (Fryske) nasjonaliteit op nij yn it omtinken brocht troch te besykjen ôfstân te dwaan fan syn Nederlânske nasjonaliteit. De Ried fd Fr. Beweging stipet Groenhof yn syn stribjen om de Fryske nasjonaliteit fan de Friezen ek registrearre te krijen op grûn fan de erkenning fan de Friezen as nasjonale ienheid. De Ried hat dêrom in brief skreaun oan it nije Kolleezje fan DS mei de fraach of it al wat eint mei it ûndersyk dat it âlde kolleezje tasein hie oan de Steaten oer it sichtber meitsjen fan de Fryske nasjonaliteit foar lju dy't soks wolle.
Oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân
Ljouwert, 21 maaie 2007
Acht Kolleezje,
De Ried fan de Fryske Beweging is bliid dat der meikoarten in nij Kolleezje beneamd wurde sil. Op foarhân wol de Ried de Deputearren lokwinskje mei har beneaming. De Ried hat kennis nommen fan it troch de koalysjepartijen opstelde koersdokumint. Spitigernôch is allinne de titel en de ynlieding yn it Frysk. In bewiis dat der noch hieltyd wurke wurdt fan út it Hollânsk. It is ek wat yn tsjinspraak mei wat op side 8 stiet oer de 'voorbeeldfunctie'. Mar hawar, de praktyk moat straks útwize wat it Kolleezje werklik beweecht.
De Ried fan de Fryske Beweging hat mei sin efkes wachte oant der in nij Kolleezje sitte soe mei it yn it omtinken bringen fan de kwestje fan de nasjonaliteit sa as dy okkerdeis op nij troch Sjoerd Groenhof yn it nijs brocht is. De Steaten ha ein 2005 útsprutsen dat hja útsocht ha wolle hoe't Friezen, nei it oannimmen troch de Earste en Twadde Keamer fan it Kaderferdrach Nasjonale Minderheden, gebrûk meitsje kinne fan har Fryske nasjonaliteit. Dêrnei is it stil wurden. De Ried wie wiis mei de opstelling fan de Steaten doedestiids en is tige benijd wat it ûndersyk opsmiten hat. De Ried is fan miening dat minsken dy't harsels kenber meitsje wolle as Fries de mooglikheid ha moatte om soks ek yn it GBA (Gemeentlike Basis Administraasje) fan harren gemeenten of yn offisjele dokuminten lykas as yn it paspoart fêstlizze te kinnen. Yn Europa binne neffens ús wol presedinten op dit mêd lyk as de Slowenen bûten Slowenië. De Ried is tige nijsgjirrich nei jimme befinings.
Mei heechachtinge, Jaap van der Bij, foarsitter Renze Valk, skriuwer
De Ried fan de Fryske Beweging is een stifting, dêr't in tal organisaasjes en rom 500 stipers (donateurs) by oansletten binne.
|
|