Thússide arrow Skanomodu
Skanomodu PDF Printsje Eamel
Skreaun troch Sjoerd Groenhof   
Tuesday, 25 September 2007

 

Skanomodu...wat betsjút dat einliks? 

Skanomodu is it âldste Fryske wurd dat oerlevere waard út in runeskrift. Op in munt dy’t 500 nei kristus datearre is, is dit wurd te lêzen. 'Skano' en 'modu', en it betsjút respektivelik skjin en moed, skjinnemoed dus!

Image

Foaroanmannen binne fakentiids trendsetters en toane meastal in oandwaanlike skientme en moed troch de tiid hinne. Hjirûnder inkele Fryske foaroanmannen dy't ús Fryske eigenheid grútsk út droegen ha en dêrmei jouwe hja oaren yn it hjoeddeistich Fryslân ûnbewust tastimming om dat ek te dwaan. Want as wy befrijd binne fan ús eigen eangst, dan befrijt ús oanwêzigens automatysk wer oaren.

Witte jo noch in pear wichtige Fryske foaroanmannen, lit it my witte fia in eamel. 

1555. Gemme van Burmania: "Friezen knibbelje allinnich foar God”.

1573. Wigbolt Ripperda: “Ik bin grutsk om as frije Fries te stjerren ”.

Walling Dykstra (1821-1914); “As in folk syn taal fersmyt, it rekket ek syn folksaard kwyt, en falt tebek ta neat”

 E.B. Folkertsma (1893-1968); “ Langmoedige trouwe arbeid allinnich hat bliuwende útwurking. En sa oan Fryslân te arbeidzjen, jins hiele libben lang, is neat mear as plicht, dêr’t Fryslân rjocht op hat.

 Prof. Dr. TH. Siebs (1862-1941);  “Earder as hokfoar Germaanske stamme ek, ha de Friezen rjocht op har heitelân, went yn har leafde foar de bertegrûn ha hja it sterkst en it troust west. 

Mr. P. A. V. Baron van Harinxma Thoe Slooten (1870-1954);  “ As Nederlân it Fryske elemint ferwaarloazet, betsjut dat ferearming fan ‘e Nederlânske folkskrêft.

 W.L. Andresen (1885-1980),  (twadde foarsitter fan de Fryske- Sleeswiker feriening eartiids); Dêr’t in frjemde hearekultuer har útwreidet, dêr stjert de folkskultuer. It folk rôlet it goud fan syn folkseigen oan it falske goud fan in neibaude hearkultuer. Wiere folkskultuer bloeit allinnich yn in frij folk, dat syn eigen dingen sels bestjoerd.

 Pastor Schulz (1847-1939); “De Friezen hawwe altiten in frij folk west, mar hja ha offers bringe moatten foar de frijheid en mear as ien kear fûleindich flechtsje moatten”.  

19xx. Obe Postma: “ Ik bin fan it Fryske lân in bern, gjin lid, dat ek betankje kin. Dat is net oars”.

1951. Doekele Brouwer: “God hat my skepen as Fries, en ik haw God mear hearrich te wêzen as de oerheid".

Fedde Schurer (1898-1968); (bekende Fryske dichter. Dêrnjonken wie hy as politikus foar de Kristlik-Demokratyske Uny (CDU) en de Partij fan de Arbeid folksfertsjintwurdiger en wie er ien fan de foaroanmannen fan it Kristlik Frysk Selskip.)  'Der is dit witten det ús driuwt: wy gean foarby en Fryslân bliuwt'.

 

 

 

 

 

 
© 2010 Grutsk op Fryslân