Besunigje it iepenbier bestjoer mei in Fryske fisytiisdei 4 maaie Herman Tjeenk Willink, vice foarsitter fan de Raad van State, hat okkerdeis bij de presintaasje fan syn jierferslach warskôge foar ûntrochtochte besunigings op it iepenbier bestjoer. Minder amtenaren, prima, mar net minder demokrasy wie syn stelling. Foarstellen, oer it ôfskaffen fan provinsjes, wetterskippen en ministeries misse fisy yn syn eagen en wurde makke sûnder de gefolgen foar it systeem fan ‘checks and balances’, it hûs fan Thorbecke, nei te gean. Dat hat Tjeenk Willink goed sjoen, allinnich is dat hûs fan Thorbecke al swier ferboud yn 1917 mei de saneamde Pasifikaasje. De politike kearn fan de pasifikaasje wie in algemiene oerienkomst tusken sosjalisten, liberalen en konfesjonelen oer de frije skoal kar, it kiesrjucht en de sosjale rjochten. Doe is de liberale grûnwet fan 1848, ja, fan Thorbecke, ferfongen troch in corporatische, “Soevereiniteit in Eigen Kring”. De priis wie dat alle politike aktiviteit op geografyske basis ûndergeskikt makke waard oan dit akkoard. Lokale en regionale identiteit en belangen waarden ûndergeskikt oan it grutte nasjonale kompromis. Boargemasters en kommissarissen waarden beneamd om de it nasjonale lykwicht te respektearjen, net om de lokale politike ferhâldingen rjocht te dwaan. In útklaaide Earste Keamer en it primaat fan de Twadde Keamer mei in straffe sintralisaasje en in grut amtlik apparaat as logysk gefolch. En natuerlik de sosjalistyske, grifformearde, katolike en liberale bakkers, peuterskoallen, sikehuzen, biblioteken ensafuorthinne. Belangen fan Fryslân waarden natuerlik ek ûndergeskikt, en mei in ‘we moatte it net oerdriuwe , no?’ skikten in soad Friezen harren der yn. It kiesstelsel moast herfoarme wurde om de fjouwer grutte minderheden fan Nederlân de kans te jaan it parlemint te dominearjen as sintraal regel meganisme fan de nije grûnwet. Dit bestjoer model is sûnt de jierren sechstich lykwols stadichoan skiednis wurden, mar we bliuwe wol sitten mei in ferâldere grûnwet en in ûntspoarend polityk bestel. Er is alle reden foar om de oanbousels fan 1917 te slopen en just werom te gean nei it âlde model fan Thorbecke. Mei in distriktestelsel sil Fryslân yn elts gefal in fest oantal parlemintariërs hawwe en sizzenskip yn de lannelike polityk. De Earste Keamer kin dan ek sûnder problemen wer út, en troch Provinsjale Steaten keazen wurde sadat Fryske ynfloed op alle nivo’s garandearre is op it nasjonale nivo. Mei dat de reden fan de sterke sintralisaasje fuort is kin mear foech oerdroegen wurde oan de Provinsje en de Fryske gemeenten sadat ek dy mear romte krije. Mar der is mear. Sûnt 1958 is it Europeeske gebou út de steigers kaam, en it stiet sa stadichoan ridlik stevich, ek op geografyske basis, oer it hûs fan Thorbecke hinne. It nasjonale en regionale nivo binne diel wurden fan it Europeeske ynlânsk bestjoer. Op in oantal mêden stiet EU wetjouwing sa stevich dat it de muoite wurdich is te ûndersykjen of grutte administraasjes op de skaal fan Den Haach noch wol nedich binne. Dat soe in goed kritearium wêze kinne om kritysk te sjen nei it Ministerie van Financien en de Nederlânske Bank yn it ramt fan de Eurozone en de Europeeske Sintrale Bank. Foar bygelyks Ekonomyske Saken en Lânbou kinne deselde ôfweagingen makke wurde. Der binnen dus genôch mooglikheden om te besunigjen mei sawol fisy as respekt foar Thorbecke. Foar Fryslân is de fisy fan desintralisaasje keppele oan grûnwetlike herfoarming op geografyske grûnslach fan it grutste belang. It soe yn it belang fan Fryslân wêze as de Fryske kandidaten foar de Keamer har hjiroer útsprekke yn de oanrin ta de Keamer ferkiezings. Dat wol sizze, as der noch Fryske kandidaten binne! Sybren Singelsma
|