|
Loyalisteits-petysje Wy Friezen binne in nasjonale minderheid. Sûnt koart (2005) wurdt dat ek by ferdrach erkend. Wy binne sadwaande in erkend ‘folk’, mei in eigen taal en kultuer. It iennichste yn Nederlân. As erflitters fan ien fan de âldste folken út de noardlike Europeeske kontreien achtsje wy it in ûnrjocht dat it nasjonaliteitsbegryp ‘Fries’ noch altiten net in plakje krije kin op in paspoart of yn de gemeentlike administraasje. Dy diskriminaasje moat mei gauwens in ein oan komme. It is skealik foar ús selsbewustwêzen. Doekele Brouwer is ús yn 1951 al foargongen en waard as ‘Friesch’ ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel. Ik tink dat wy as Friezen it rjocht hawwe moatte om yndividueel foar ússels te beslissen oft wy as Nederlânske Steatsboargers ús (folks)nasjonaliteit mei it wurd ‘Fries’ oanjaan wolle. Bygelyks yn de Gemeentlike Basisadministraasje. Dat soe dochs mooglik wêze moatte? De Fryske eigenheid. Om yn frijheid libje te kinnen is ferbûnens meiienoar needsaaklik. Dat is de grûnslach fan ús Fryske skiednis en ús takomst. Lit dat ek de kreft wêze fan ús nasjonale identiteit. Ek al binne wy hjir net allegear berne, wy tekenje graach as Fries mei oertsjûging. Sjoerd Groenhof Fine jo dat ek? Dan kinne jo dêroan meihelpe troch jo namme te setten op de loyaliteits-petysje. Kik op petysje ûndertekenje en set jo namme der ek by! Sjoch ek op de petysjelist fan minsken dy't jo al foargongen binne. It ûnderskriuwe fan dizze stipeferklearring kinst sjen as in boarger-inisjatyf op frijwillige basis. Ornearre is om by foldwaande dielname ( >500 minsken ) dizze loyaliteits-petysje te oerlangje oan de kommissaris fan de keninginne fan de provinsje Fryslân. Tank yn ’t foar, Sjoerd Groenhof Noch net oertsjûge of drompelfrees, lês ûnder. Doe't Nelson Mandela presidint waard fan Súd-Afrika hat er in tekst fan de Amerikaanske Marianne Williamson yn syn ynaugurele rede ferwurke: "Us djipste eangst is net dat wy tekoart sjitte. Us djipste eangst is dat wy ûneinich machtich binne. It is ús ljocht, net ús tsjusterens, dêr’t wy it alderbenaudste foar binne. Wy freegje ús ôf: Wa bin ik dat ik briljant, bûtengewoan oantreklik, talintearre en geweldich wêze soe? Mar wêrom eigentlik net? Wy Friezen moatte ús net lytser foardwaan as dat wy binne, sadat de minsken om dy hinne harren foaral net ûnwis fiele soene. As wy ús Fryske eigenheid grutsk útdrage en ús ek formeel ynskriuwe litte kinne yn it GBA (gemeentlike basis-administraasje) as Fries, dan jouwe wy oare ynwenners fan Fryslân ûnbewust tastimming om dat ek te dwaan. As wy befrijd binne fan ús eigen eangst, dan befrijt ús oanwêzigens automatysk oaren. Gauris komt men yn ferbân mei it Frysk of Fryske identiteit minsken tsjin dy’t ‘tuike tuike’, stadichoan en mei ferdrach it Frysk stypje wolle en net fan de flier op de souder stappe wolle. It binne de beropsoptimisten tsjin better witten yn. Se dogge my tinken oan de lju dy’t de Frânske psychiater en skriuwster, Lydie Salvayre, op it each hat. Sy skriuwt: Fatsoen is absolút in betingst foar in goed petear, mar te folle fatsoen skeint (it is ‘fake’, ‘nep’). As men net ien foar de holle stjitte wol en alle útspraken fan in oar de muoite wurdich fynt, as men altyd freonlik harket en op alles freonlik yngiet, as men, koartsein, de yndruk jout dat men it oeral mei iens is, dan rint men it gefaar dat men jin nearne oer útsprekt en troch de bûtenwrâld as in sleauwen-ien sjoen wurdt. Sa giet sy noch efkes troch en ien fan har konklúzjes is, dat as men jin fan in soad fan de sa krekt neamde ballêst befrijd hat, men dan pas in eigen identiteit kriget en jin engazjearje kin. Der binne in soad ‘tuikers’, ek by de Fryske oerheid en yn it Fryske ûnderwiis, mei namme as it om ús Fryske eigenheid giet. Mei-inoar smoare se it Frysk mei har kwânskwize praterij en kosmopolityske skriuwerij. Eins is it frjemd dat sy mei harren grutte tal en navenante ynfloed yn 20-25 jier no net it measte foar it Frysk beskrept hawwe. De organisaasjes dy’t har besteansreden oan it Frysk te tankjen hawwe, binne aardich groeid, mar har besteansreden sels krimpt alle dagen. Tuikers binne it, se hawwe de iepenheid fan in jiske-amer mei in swier deksel. It fuortsterkje fan it selbewustwêzen fan de Friezen is moreel ek te rjochtfeardigjen om't de âldste spoaren fan de Fryske populaasje (de proto-Friezen) yn de lege lânen al mear as 2500 jier tebek geane. Dat makket de Friezen en harren erflitters ta ien fan de âldste ‘noch hieltyd libbene en besteande’ folken yn Europa, wat mei it each op de tanimmende mobiliteit fan ús maatskippij al in lyts wûnder hjitte mei. As jo lykas ik fan betinken binne dat ús ‘nasjonaliteit’ ek yn de GBA (Gemeentlike Basis-Administraasje) in karmooglikheid wêze moat, dan kinne jo hjir de loyaliteitspetysje mei ûnderskriuwe. As jo dat dogge, dan helpe jo mei oan de erkenning fan de Fryske Nasjonaliteit en stypje jo de striid om yn de takomst ús Fryske eigenheid ek formeel te registrearjen. Tank yn't foar, Sjoerd Groenhof
|