kontakt
Sjoerd Groenhof
Gemeenteriedslid Achtkarspelen
De Elzen 49
9281 MH De Harkema
Eamel: s.groenhof@achtkarspelen.nl

poll

kalender
« Septimber 2010
S M T W T F S
      1 2 3 4
5 6 7 8 9 10 11
12 13 14 15 16 17 18
19 20 21 22 23 24 25
26 27 28 29 30    

argyf

links

sykje
feeds
XML: RSS Feed
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!

Fryslân is moaiste lânsdiel fan Nederlân

Fryslân is de moaiste provinsje fan ús lân. Dat fynt de Vereniging Nederlands Cultuurlandschap. Dy organisaasje hat alle provinsjes beoardield op ûnder oare de oanwêzichheid fan natuer en bosk en op it behâld fan it oarspronklike agraryske karakter. De feriening gong op ûndersyk nei it moaiste lânsdiel fan Nederlân. Wat moai is, bliuwt yn Fryslân ekstra goed bewarre. ,,Friezen hebben nog gevoel van trots en eigenwaarde en verzetten zich hevig als hun streekeigenheid en historie bedreigd wordt”, aldus directeur Jaap Dirkmaat van de natuurclub. 

By de útrikking, tiisdeitemiddei yn Amsterdam, liet kommissaris Jorritsma witte wakker op 't skik te wêzen mei de ferkiezing.

17 06 10 - 00:35 | sjoerd | Reagear


Grutsk op Fryslan!!

jo ek...................................................?

stim http://www.grutskopfryslan.eu/component/option,com_wrapper/Itemid,31/

01 04 10 - 00:46 | sjoerd | Reagear


Ferkiezings Lânskip Achtkarspelen

10 03 10 - 02:29 | sjoerd | twa reaksjes


Tige tank foar it betrouwen

.
05 03 10 - 23:03 | sjoerd | Reagear


Stim 3 maart FNP

Fertroudheid en neibywêzen binne kaaibegripen fan de FNP’ers yn omgong mei de ynwenners en fanselssprekkend is in stim op de FNP yn goede hannen want de FNP stiet ek nei 3 maart foar jo klear. Ik hoopje moarn op in grutte opkomst en dat de kiezer it sinjaal jout dat der feroaring komme moat.   

.
02 03 10 - 23:01 | sjoerd | Reagear


Kollaazje fytskafee 20 febrewaris

26 02 10 - 00:57 | sjoerd | ien reaksje


De FNP komt nei jo ta mei fytskafee
ACHTKARSPELEN - zaterdei 20 febrewaris giet de FNP Achtkarspelen mei it Fytskafee troch alle doarpen fan de gemeente.

Jo kinne dan yn petear mei de kandidaatsriedsleden oer allerhanne politike saken. Jo kinne sels ek meifytse en ûnder it fytsen wei mei de kandidaten yn diskusje gean.
Doch mei! Tink mei! Praat mei en fyts mei ús mei. Foar in bakje kofje wurdt soarge. Op en yn it fytskafee fine jo fêst wat fan jo gading, want de fytsers komme net mei lege hannen.

Lit oankommende saterdei jo gesicht sjen, praat en fyts mei de FNP  mei. Wy wolle graach útlizze wêr’t de FNP foar stiet en wat jo de kommende fjouwer jier fan de FNP ferwachtsje kinne en meie. Dit is in unike kâns om op dizze wize jo miening oan de kandidaten hearre te litten en tagelyk mei harren yn’e kunde te kommen.

De FNP is in partij dy’t al 35 jier lang midden yn de mienskip stiet en boarch stiet foar in sosjale mienskip. De basis fan it FNP sukses berêst op it goede kontakt mei de befolking, bouwe fan ûnderen op.

De FNP is foar minder regeljouwing, koarte linen nei de boargers. Iepen doarren en lege drompels. Noed stean foar minsken mei in smelle beurs. In deeglik duorsum belied. Sportfoarsjennings en doarpshuzen yn stân hâlde. Gjin lesteferheging yn dizze krisistiid. Mear betelbere hierwenten bouwe. Us jeugd moat in eigen plak hawwe. Mear senioaren- en starterswenten bouwe. Mear omtinken en solidariteit foar- en mei-inoar. Dit binne in oantal spearpunten dy’t yn it FNP program te finen binne en wy as FNP graach réalisearje wolle.

Jo ús de kâns om dat de kommende fjouwer jier wier te meitsjen en jou jo stim op 3 maart oan de FNP list 3! 

Wannear binne wy by jo yn it doarp op 20 febrewaris: 

 9.30 -10.00 oere Bûtenpost; 10.15- 10.30 oere Gerkeskleaster/Stoobos; 10.45- 10.55 oere Surhuzum; 11.05 -11.15 oere Stynsgea; 11.30 – 11.45 oere Droegeham; 11.55 – 12.15 oere Koatstertille; 12.55- 13.15 oere Twizelerheide;13.30-13.45 oere Twizel; 14.00 -14.45 oere Harkema; 15.00 -15.15 oere Boelensloane; 15.30 – 17.00 Surhústerfean.
   
14 02 10 - 13:57 | sjoerd | Reagear


Sa frij as in fûgel

08 02 10 - 00:26 | sjoerd | Reagear


FNP-Achtkarspelen set mei de kampanje útein

De FNP-Achtkarspelen is úteinset mei de kampanje. Tagelyk waard fierd dat de FNP yn Achtkarspelen al 35 jier yn’t spier is foar de befolking fan ús gemeente. It wie in noflike byienkomst yn Twizelerheide dêr’t leden en âldleden elkoar moeten. Dat de FNP in 12-doarpebelied fiert is rûnom bekend en dêrom kamen de earste 12 kandidaten nei foaren om harren spearpunten oan de telegraaf te hingjen.

31 01 10 - 01:21 | sjoerd | Reagear


FNP Gemeenteprogram Achtkarspelen 2010 - 2014

skeakel fnpprogram 8K 2010-2014
28 01 10 - 23:38 | sjoerd | Reagear


FNP-Achtkarspelen 35 jier yn’t spier

TWIZELERHEIDE - Op saterdei 23 jannewaris middeis om 14.30 oere by doarpshûs “De Jister” yn Twizelerheide start de FNP-Achtkarspelen mei har kampanje foar de gemeenteriedsferkiezing en rekkenje mar op in spektakulêre iepening!

Omdat de FNP-Achtkarspelen 35 jier warber is yn ús gemeente wolle wy dat fiere mei ús leden âldleden en sympatisanten yn’e foarm fan in reüny/famyljefeest, dit alles ek yn it doarpshûs “De Jister” Bjirkewei 103 A yn Twizelerheide.

It feest begjint om 15.00 oere. Mei in noflik programma mei praten en muzyk, ek sil der in útstalling te sjen wêze mei fan alles en noch wat oer wêr’t de FNP yn dizze 35 jier mei dwaande west hat. Om 18.30 oere is der in breamiel, wa’t mei-ite wol moat dat efkes trochjaan oan Broer Terpstra. 20.00 oere begjint it jûnsprogramma mei muzyk fan Melle Leegstra en DJ SHERA mei muzyk út de sixtees.

Hjirby wurdt elkenien útnoege om it feest 35 jier FNP 8K mei ús te fieren.

sjoch ek op www.fnp-achtkarspelen.eu

22 01 10 - 00:57 | sjoerd | Reagear